Tredde dei NK inline skaten giet oer om waar

31 maaie 2015 - 13:29
  • Manon Kamminga

De tredde dei fan it NK inline-skaten op de baan foar snein giet net troch. Earder op de moarn wienen de wedstriden yn Purmerend útsteld fanwege rein. De organisaasje besleat om 11.00 oere om alle wedstriden te skrassen om't de waarfoarsizzings ûnwis binne. Nei in reinbui duorret it wol hast trije kertier foar't wer riden wurde kin.

Nije wike wurdt sjoen nei alternativen om de restearjende ôfstannen ride te kinnen. It giet om de 1.000 meter, puntekoers by senioaren en de 3.000 meter ôflossing.

Op de baan wûn Manon Kamminga sneon twa gouden medaljes, op de 500 meter en de ôffalkoers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)