Tredde dei FK Jeu de pelote

17 jun 2004 - 00:00

Op de tredde dei fan it Frysk kampioenskip jeu de pelote - sis mar Belgysk keatsen - op it plein fan Easterlittens waarden woansdei de lêste wedstriden fan 'e earste list ôfwurke. Wytmarsum hie gjin muoite mei Spannum en wûn mei 8-4. Easterlittens hie it dreech tsjin Easterein, mar wûn wol mei 8-6.

Tongersdei is de start op de twadde list mei Wiuwer tsjin Frjentsjer en Arum tsjin Ysbrechtum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)