Traumahely rêdt man fan Waad

23 apr 2008 - 17:09

In spektakulêre rêdingsaksje op it Waad woansdei. De traumahelikopter tilde in pasjint mei in stikkene skonk fan board. Sa'n tsien myl westlik fan Harns lei in klipper op in droechfallen sânbank. Ien fan de opfarrenden hie de foet stikken.

Foar de rêdingsboaten wie it skip net berikber. Dêrom hat de traumahelikopter earst in dokter oan board dellitten en dêrnei him mei de pasjint fan board tild. De pasjint is nei MCL-Harns brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)