'Traumahely faker ynsetten'

20 aug 2013 - 11:22
  • Traumahelikopter

Traumahelikopters wurde yn Fryslân hieltyd mear ynsetten foar rêdingsoperaasjes. Yn ús provinsje is de traumahely oant no ta dit jier sa'n 15 oant 20 persint faker ynsetten as ferline jier. Direkteur Aly Gelissen fan de Regionale Ambulance Voorziening Fryslân tinkt dat dit komt omdat lanlike protokollen feroare binne. De ynset fan de traumahely is mear akseptearre. De meldkeamer wit ek goed wannear't de helikopter it bêst ynset wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)