Traumahelikopter rekket beam by Drachten

03 mrt 2015 - 19:09

De traumahelikopter fan Amsterdam hat tiisdeitejûn by Drachten de krún fan in beam rekke. Dêrtroch binne der takken fan de beam ôffallen. Der binne gjin ferwûnen fallen.

De heli hat njonken de A7 in lanning makke. It tastel koe nei ynspeksje fierder fleane nei Grins. De brânwacht is ynskeakele om de takken op te romjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)