Traumahelikopter fleant nei Boalsert om fal fan steger

26 mrt 2016 - 14:10

Yn Boalsert is sneontemiddei in man ferwûne rekke trochdat er fan in steger ôffallen is. De traumahelikopter hat der by west, mar de man is mei in ambulânse nei it sikehûs ta brocht. Hoe't er der no oan ta is, is net bekend. Ek is net dúdlik hoe't de man fan de steger ôffalle koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)