Traumaheli by ûngelok Drachten

03 jun 2006 - 15:32

In traumahelikopter is freed ynset yn Drachten foar in frou dy't fan de trep fallen wie. It giet om in 62-jierrige ynwenster fan in wenning oan de Slinge. De traumahelikopter is landen op in fjildsje yn de omjouwing, sa'n 150 meter fan de wenning.

It mobile team is mei in plysjewein nei de wenning brocht. Ien en oar luts in soad belangstelling. De plysje hat de minsken op in feilige ôfstân hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)