Traseebeslút Surch-Harns klear

22 nov 2005 - 13:25

In feilige N31 tusken Surch en Harns is in stap tichterby. Minister Peijs hat koartlyn harren hantekening setten ûnder it traseebeslút. Hjiryn stiet hoe't de nije dyk der út komt te sjen en wat de gefolgen binne foar de omjouwing.

Tusken 13 desimber en 23 jannewaris is it traseebeslút te besjen op ferskate lokaasjes yn de regio. De N31 moat tusken ein 2006 en ein 2008 omboud wurde ta in dûbelbaanswei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)