Trasee op N31 wurdt net oanpast

20 des 2000 - 16:10

It trasee fan 'e Wâldwei tusken Ljouwert en Nyegea wurdt net wizige. Omwenjenden hienen beswier oantekene tsjin it trasee om't har lânbougrûn derfoar brûkt wurdt. De Steatsrie besleat tiisdei dat de plannen net feroare wurde.

De dyk wurdt nei twa kear twa rydstroken ferbrede en it Oerterperfallaat wurdt ôfmakke. Neffens it ferkearsministearje falt de ferwachte lûdsoerlêst ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)