Trasee Heak om Ljouwert keazen

14 apr 2004 - 00:00

De Heak om Ljouwert komt tusken Marsum en de Werpsterhoeke en rint eastlik fan Ritsumasyl en Jellum. Dat advisearje provinsje mei Menameradiel, Ljouwert en Littenseradiel oan minister Peijs. Under it Van Harinxmakanaal komt in akwadukt. De kosten wurde rûsd op 255 miljoen euro.

Provinsje en gemeenten binne ree 36 miljoen euro te beteljen. De oanlis fan de westlike rûnwei om Ljouwert hinne begjint mooglik yn 2007.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)