Trapearre op te hurd riden

03 aug 2011 - 10:14

De plysje hat tiisdei op twa plakken yn 'e provinsje rydbewizen ynnaam fanwege snelheidsoertredings. Op de Wâldwei by Garyp waard in automobilist út Veendam betrape mei 162 kilometer op 'e teller, wylst er mar 100 mocht.

Op it Leechlân by Grou ried in motorrider út Winsum 144 kilometer yn 'e oere, wylst dêr op syn hurdst 80 kilometer tastien is. Neist dat de rydbewizen ynnaam waarden, hawwe de bestjoerders ek in proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)