Trapearre mei drank op

16 apr 2005 - 15:58

Trettjin ferkearsdielnimmers binne freedtenacht betrape mei te folle drank op. Yn Harns krige in 18-jierrige fytser in rydferbod fan fiif oeren. In 26-jierrige man út Ljouwert krige ek in rydferbod, op 'e Drachtsterwei. Hy mei foarearst ek net wer achter it stjoer krûpe, want hy ried sûnder rydbewiis.

Yn Dokkum moast in 52-jierrige frou njoggen oeren lang ûntnuchterje. Se wie sa dronken dat se mei de auto tsjin in beam oan ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)