Transportsektor hat it dreech

12 des 2008 - 17:25

Fryske transportbedriuwen gean in hiele drege tiid yn ´e mjitte. Dat komt ûnder oare troch in flinke ferheging fan ´e belesting foar frachtauto´s yn Dútslân. Hoe mear in frachtauto fersmoarget, wat heger dy belesting is. Fierders fernimt de transportsektor de ekonomyske krisis bot.

De fraach nei produkten nimt ôf, dus hoecht der folle minder ferfierd te wurden, sa seit brânzje-organisaasje Transport en Logistiek Nederland.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)