Transporteur Post Snits fallyt

13 jan 2010 - 21:31
  • Transportbedriuw Post is fallyt

Transportbedriuw G. Post út Snits is fallyt. Hjirtroch komme 26 minsken op strjitte te stean. It grutste part is sjauffeur. It bedriuw kaam yn swier waar troch de resesje.

Oardel jier lyn begûn dat mei it ferlies fan in soad klanten. De lêste tiid luts de merk wer oan, mar dat kaam te let om it bedriuw te rêden. De sjauffeurs fan Post riden in soad op de Balkanlannen. Direkteur Jelle Post tinkt der genôch transporteurs binne dy't it bedriuw oernimme wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)