Transportbedriuw Ljouwert fallyt

03 feb 2006 - 15:25

De rjochter hat transportbedriuw S. Postma en zoon BV út Ljouwert fallyt ferklearre. It bedriuw, dat ynternasjonale transporten fersoarget, hat in te grutte skuld. Der binne minder opdrachten en hegere kosten.

De aktiviteiten fan Postma en Zoon binne oernaam troch Marc Postma, de fjirde generaasje Postma dy't it bedriuw yn hannen hat. Fiif fan de seis sjauffeurs bliuwe yn tsjinst, de sechde krijt dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)