Transport spoarbrêge fêst

07 jul 2007 - 15:48

In frachtwein mei dêrop de helte fan de âlde spoarbrêge fan Akkrum siet sneon fêst op 'e oprit fan Akkrum rjochting It Hearrenfean. Hy rekke neist de dyk omdat er de bocht net helje koe. De oprit wie dêrtroch blokkearre. It ferkear hie dêr hinder fan.

De 15 ton swiere spoarbrêge oer de Boarn wurdt ferfongen troch in stiller eksimplaar. De âlde brêge is foar de museumspoarline yn Stadskanaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)