Transfer Huntelaar noch net rûn

27 des 2005 - 17:46

De ûnderhannelings tusken Ajax en SC Hearrenfean oer de transfer fan Klaas Jan Huntelaar geane noch troch. Dat skriuwt Ajax op de eigen webside. Neffens Ajax hoopje beide partijen dat se der gau útkomme. It úteinlike bedrach dat de Amsterdammers foar Huntelaar betelje sil tusken de 7 en de 9 miljoen euro lizze.

Klaas Jan Huntelaar is op dit stuit topskoarder yn de Eredivisie, mei 14 doelpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)