Transfer Huntelaar noch net rûn

21 des 2005 - 17:26

De transfer fan SC Heerenveen-spits Klaas Jan Huntelaar nei Ajax is noch lang net rûn. Hearrenfean freget 10 miljoen euro foar de 22-jierrige oanfaller, wylst Ajax in earste bod dien hat fan 4 miljoen euro.

Huntelaar wol sels mei yngong fan 1 jannewaris nei de Amsterdamse klub ta. De kâns bestiet dat in arbitraazjesaak útslútsel jaan moat. Huntelaar stiet formeel noch oant 2007 ûnder kontrakt by de klub út it Abe Lenstrastadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)