Transfer Alves stap tichterby

31 jan 2008 - 17:17
  • Afonso Alves

SC Hearrenfean en de Ingelske club Middlesbrough binne in wichtige stap tichterby in akkoart oer de transfer fan Afonso Alves. Alves hat tongersdei in wurkfergunning krige fan it Ingelske fuotbalbûn FA. Dat wie ien fan de grutste stroffelstiennen foar de oergong nei Ingelân.

Neffens Hearrenfeandirekteur Yme Kuiper moatte beide clubs it noch iens wurde oer de finansjele betingsten fan de transfer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)