Trance Energy 'rêstich' ferrûn

02 okt 2000 - 17:25

De grutte Trance Energy-houseparty op Thialf It Hearrenfean is sneontejûn sûnder problemen ferrûn. Sawat 20.000 housers koene trochfeeste oant moarns sân oere ta. Yn 'e hal wie gjin fjochterij. Der hong sels in gemoedlike sfear.

De plysje hâlde 36 minsken oan fanwege drugs. De EHBO behannele 110 persoanen. Ien besiker is mei oerdosisklachten nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)