'Trams yn plak fan spoar'

15 maaie 2007 - 13:09
  • De lightrailtrams moatte de treinen op de regionale spoorlinen yn Fryslân ferfange

Lightrailtrams moatte de swiere en djoere treinen op de regionale spoorlinen yn Fryslân ferfange. Dat skriuwe yngenieursbedriuw Arcadis en RVDB Lightrail yn in takomstplan. Mei it plan hawwe se moandei yn Utrecht de jierlikse ynovaasjepriis wûn.

De priis is in inisjatyf fan ProRail. Dy wol it bedriuwslibben útdaagje om mei plannen te kommen om regionale spoorlinen yn Nederlân ynteressanter te meitsjen foar reizgers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)