Trammelant by diereambulânse

01 sep 2014 - 17:21

De takomst fan de diereambulânse Ljouwert stiet faai. Dit komt troch in skeel tusken de frijwilligersorganisaasje en André de Moor fan De Moor Holding BV. It gebou fan de diereambulânse is eigendom fan de frijwilligersorganisaasje, mar it stiet op grûn fan De Moor.

De twa partijen ha al in jier spul oer rekkens dy't net betelle wurde en wurk dat net dien wurdt. Moandei rûn it út de hân doe't De Moor de oprit opbruts foar wurk oan it rioel. De wurdewikseling rûn út op klappen foar De Moor, dy moast foar behanneling nei de earste help.

De Moor hat oanjefte dien by de plysje. De 33 meiwurkers fan de diereambulânse binne bot oandien troch alles.

De plysje, dy't warskôge wie, hâlde trije mannen fan 20, 24 en 46 jier út Ljouwert oan. De trije fertochten binne ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)