Traktaasje foar sneue skoalbern

17 maaie 2004 - 00:00

Skoalbern yn Menameradiel ha moandei in iisko krigen fan de gemeente. De boargemaster woe de pine fersachtsje om't de 300 bern ferline wike net skoalswimme koene. Dat kaam om't swimbadeigner Van Booma de doarren ticht hâlde. Hy wol earst jild ha fan de gemeente.

De partijen kamen der net út. Nije wike tongersdei treffe Van Booma en de gemeente elkoar foar de rjochter yn in koart pleit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)