Trainers Hearrenfean fuort

28 mrt 2014 - 18:12
  • Henk Herder

Sportklup Hearrenfean nimt ôfskied fan assistint-trainer Henk Herder. Ek ferlingt de klup de kontrakten mei beloftetrainer Marco Roelofsen en keeperstrainer Albert van der Sleen net. Omdat ek haadtrainer Marco van Basten oan de ein fan dit seizoen fuort giet, ferfarsket Hearrenfean dêrmei hast de folsleine trainersstêf.

Ek nimt de klup ôfskie fan in tal spilers, it giet dan om Brian Vandenbussche, Chiel Kramer, Ramon Zomer, Anthony Lurling, Samir Fazli en Stefano Marzo. Fierder wurdt ôfskie naam fan in tal hierlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)