Trainer Westerhof wurdt dosint

09 aug 2006 - 18:14

Fuotbaltrainer Hans Westerhof fan It Hearrenfean wurdt dosint oan de oplieding Coach Betelle Fuotbal by it fuotbalbûn KNVB. Hy nimt it plak yn fan Ronald Spelbos dy't fan 1 augustus ôf de nije haadskout is fan it Nederlânske alvetal.

Westerhof wurke ûnder mear foar FC Grins, PSV, Ajax, Willem II en it Meksikaanse Guadalajara. Earder wie Westerhof al dosint fan de trainers- oplieding fan it CIOS op it Fean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)