Trainer VV Sneek stapt op

10 apr 2007 - 14:28
  • Schrijver makket it seizoen net ôf

Trainer Hans_Schrijver fan sneinshaadklasser Snits is snein opstapt. Hy soe oan 'e ein fan it seizoen fuort, mar de trainer hat gjin goed gefoel mear by de club. Dêrom fynt er it ferstanniger op te stappen.

De club hopet oer in pear dagen bekend te meitsjen wa't it seizoen as trainer ôfmeitsje sil. Oan de ein fan de wike ferwachtet VV Sneek boppedat de trainer foar it kommende seizoen te presintearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)