Trainer De Jong fan Cambuur wol gjin fideoskiedsrjochter

10 feb 2015 - 12:26
  • Henk de Jong

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur sjocht as iennichste earedivyzjetrainer neat yn de plannen foar in saneamde fideoskiedsrjochter. De Telegraaf hat dêr in enkête oer hâlden ûnder de 18 trainers yn de earedivyzje. Bylden kinne helpe om in wichtige beslissing werom te draaien. De Jong fynt it lykwols neat.

De trainer fan de Ljouwerters fynt it better as der earder begûn wurdt mei it ynfieren fan in fiifde en sechsde man achter de goals. In fideoskiedsrjochter is net nij yn de sportwrâld, by hockey en tennis is it al hiel gewoan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)