Trainer Berry Zandink ferlingt kontrakt by Snits Wyt Swart

13 des 2014 - 14:43
  • Snits Wyt Swart

Trainer Berry Zandink ferlingt syn kontrakt by Snits Wyt Swart Boso. Dat meldt de webside Sneeklive.nl. De trainer hat tekene oant en mei 2017 by de Snitser haadklasser. It kontrakt fan Zandink rint yn de simmer fan 2015 ôf. Troch de goede prestaasjes - de Snitsers steane boppe-oan yn de sneinshaadklasse - ha de klup en de trainer besletten de gearwurking te ferlingen.

Zandink kaam dit seizoen as haadtrainer nei Snits. De klup is njonken koprinner yn de kompetysje ek noch yn de race om de noardlike beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)