Traineeprogram foar studinten

12 sep 2014 - 14:17

Yn Ljouwert is freed in wurkprogram foar studinten út ein set. Boargemaster Crone iepene it Traineeprogramma Dienstverleners Friesland. Ofstudearre HBO'ers kinne in jier lang in kontrakt krije by in organisaasje. Se wurde begelaat troch hegeskoalle NHL en de gemeente Ljouwert. Doel is om de studinten yn 'e kunde komme te ljitten mei de arbeidsmerk.

De studinten kinne oan de slach by Aegon, soarchfersekerder De Friesland, Achmea, de ING, de NHL sels en by de gemeenten Ljouwert en Kollumerlân.

Neffens boargemaster Crone is it wichtich foar Ljouwert dat studinten dêr bliuwe kinne om te wurkjen, om't hieltyd mear ôfstudearre studinten út Fryslân weigean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)