Tradisjonele lintsjesrein

29 apr 2003 - 00:00

Yn Fryslân ha 116 minsken tiisdei in keninklike ûnderskieding krigen. Dat is ien mear as ferline jier. Fan alle lintsjes giene 33 nei in frou. De heechste ûnderskieding is foar professor doktor Goorhuis Brouwer fan Smelle Ie. Se is Ridder yn de Orde van de Nederlandse Leeuw. Se is heechlearaar oan de Universiteit fan Grins.

Yn hiel Nederlân binne mei elkoar hast 3200 lintsjes útdield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)