Toverlantaarn tydlik ticht

23 apr 2014 - 13:52
  • De toverlantaarn slút mooglik definityf de doarren

Berneboekewinkel De Toverlantaarn yn Ljouwer moat mooglik in skoftke de doarren slute. Eigeneresse Antoinette van den Berg moat út har tydlike winkel en kin noch lang net werom nei it âlde pân oan de Kelders. Dy winkel rûn grutte skea op by de brân fan oktober ferline jier.

Van den Berg wol net wer tydlik ferhúzje. Krekt nei de brân fielde se har net in slachtoffer, mar dat gefoel begjint no wol te kommen. Fan de gemeente hat se bygelyks nea wat heard. De gemeente sels seit dat dy gjin rol spylje kinne yn de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)