Tourfytsers op it Fean

25 jul 2008 - 09:46
  • Fytsers fan Ome Joop's tour
  • Marcel & Minie mei it plakboek fan 1968

De fytsers fan de Tour wiene tongersdei op It Hearrenfean. It giet dan net om de echte tourfytsers, mar om de 180 fytsers fan Ome Joop's tour foar bern. Dit is in inisjatyf fan Joop Legerstee. Hy begûn flak nei de 2e wrâldoarloch yn Arnhem mei aktiviteiten foar bern dy't oars net mei fakânsje kinne. Dat is útgroeid ta in fytstoer fan 10 dagen troch Nederlân.

Freed giet de tourkaravaan wer fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)