Tour-kâns Pieter Weening lyts

06 maaie 2008 - 12:07
  • Pieter Weening foarich jier yn de Tour

De kâns dat hurdfytser Pieter Weening fan de Harkema yn july syn fjirde Tour de France fytse sil, is lyts. Dat seit ploechlieder Erik Breukink fan de Rabobank-hurdfytsploech. Weening sit by de foarseleksje fan 14 renners, mar is dit seizoen noch net yn aksje kommen troch in knibbelblessuere.

Uteinlik meie njoggen hurdfytsers yn Frankryk starte. Weening makket op 19 maaie syn rentree by de Ronde fan Kateloanje. Dêrnei folget noch de Dauphiné Libéré foar't it beslút falt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)