Tou oer de dyk spand by kemping en fuotbalfjild Flylân

27 jul 2015 - 21:04

De plysje Flylân is op syk nei dejinge dy't touwen oer de dyk spant op it eilân. Al twa kear is der in tou oantroffen. Ien kear op de Kampweg by kemping Stortemelk, in oare wie spand oer in skulpepaad by it fuotbalfjild.

Neffens de plysje jout it libbensgefaarlike situaasjes. Minsken wurdt frege alert te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)