Totilas is wer fit

25 apr 2012 - 12:55

Totilas sil wer meidwaan oan in wedstriid. It dressuerhynder dat yn Broeksterwâld berne en grutbrocht is, is wer fit. Totilas ferskynt kommend wykein yn de ring by in wedstriid yn it Dútske Hagen. Twa kear earder waard in wedstriid flak foar it begjin ôfsein. Totilas wûn mei Edward Gal wrâldtitels en Europeeske prizen. It hynder kaam sûnt ferline simmer net mear yn aksje. Ruter Matthias Rath is optimistysk oer it nije seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)