Totempeallen by Wolvegea

18 apr 2012 - 17:21

Yn it ramt fan it 400-jierrich jubileum fan Pieter Stuyvesant wurde by de Blesburgskâns by Wolvegea in tal totempeallen pleatst. Dy totempeallen binne makke troch skoalbern ûnder lieding fan keunstner Hanz Daniel út Steggerda en binne makke fan ôffalmateriaal.

It is dit jier 400 jier lyn dat Pieter Stuyvesant yn Pepergea berne waard. Hy wie yn de 17e ieu direkteur-generaal fan de Nederlânske koloanje Nieuw-Nederland, oant dy ferovere waard troch de Ingelsken. Hy is stoarn yn Nieuw-Amsterdam, dat no bekend is as New York.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)