Totempeallen Himrik omseage

24 des 2002 - 00:00

De totempeallen by rekreaasjepark Sparjebird ûnder De Himrik binne mei opsetsin omseage mei in motorseage. De totempeallen stean dêr al sûnt de jierren '60. Ien by de dyk en twa by de yngong fan it park.

De kleurige, kronkele peallen binne doedestiids troch keunstners fan de akademy makke en delset. Sy binne moedwillich stikken makke en lizze op 'e grûn. De fandaal woe se dus net mei ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)