Totempeal yn wyk Wielepôlle

20 okt 2007 - 15:40
  • dit is de kop fan it byld fan fjouwer meter

Yn de wyk Wielepôlle yn Ljouwert is sneon in keunstwurk ûntbleate. It is in houten totempeal makke troch keunstner Oene van der Veen. It byld is fjouwer meter heech.

It byld is pleatst yn it ramt fan de aksje 'Probleemwijk positief'. De bewenners sjogge har wyk net as probleemwyk. Se fine wol dat it byld de buert moaier makket, allinne is it net foar elkenien dúdlik wat it betsjut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)