Toskpoetswike op 6 skoallen

08 apr 2013 - 11:01
  • It is toskpoetswike op seis basisskoallen
  • Toskpoetsles op skoalle
  • Toskpoetsles op skoalle

Seis Fryske basisskoallen dogge dizze wike mei oan de noardlike Toskpoetswike. Wilens dy wike wurdt troch studinten fan de oplieding Mondzorgkunde yn Grins foarljochting jûn oer toskpoetsen. Se dogge dat yn groep 3 en 4 en 7 en 8.

Bern leare hoe't se it bêste toskpoetse kinne. Neffens sifers fan de GGD is dat wol nedich. It persintaasje bern dat mei 5 jier al gatsjes hat, nimt de lêste tiid wer ta. Dat komt neffens de GGD omdat bern faker tuskentroch wat ite, mar ek omdat se net goed genôch poetse.

Neffens sifers fan 3 jier lyn poetst 1 persint fan de bern hielendal net. Inselde persintaazje komt ek noait by de toskedokter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)