Toskedokters helpe yn Nepal

30 sep 2003 - 00:00

Seis Fryske toskedokters en mûle- hygiënisten reizgje yn novimber ôf nei Nepal om dêr minsken te helpen. Se meitsje diel út fan in groep fan fjirtich en sille dêr kiezzen lûke en toskstien fuorthelje.

De Nepal Oral Health Society organisearret de reis, wêrfan't toskedokter Bink fan 'e Gordyk foarsitter is. Der gean ek in tal hûsdokters en gynakologen mei nei Nepal om help te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)