Toskedokters fêst troch jiske

18 apr 2010 - 12:19
  • De jiskewolk dy't boppe Europa hinget (Boarne: Eurocontrol)

In groep fan 28 Fryske toskedokters sit fêst yn Yerevan, de haadstêd fan Armenië. Troch de jiskewolk fan de Yslânske fulkaan kinne sy net werom fleane nei Nederlân. De groep wie op wurkbesite yn Armenië.

De measten moatte moandei al wer oan it wurk. Dat sil net slagje. De groep besiket fia Parys werom te fleanen. Ek op guon oare plakken sitte Friezen fêst. Ha jo kunde dy't net thús komme kin of sitte jo yn it bûtenlân, mail ús jo ferhaal: redaksje@omropfryslan.nl

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)