Toskedokters bale fan make-overs

23 feb 2004 - 00:00

Toskedokters ha in soad argewaasje fan programma's oer kosmetyske yngrepen. Yn de populêre programma's oer make-overs krije minsken in nij uterlik. Faak is der lykwols amper ynformaasje oer pine, risiko's, kosten en oare neidielen.

Sadwaande komme minsken mei in ferkeard byld mei fragen by de toskedokter. Dat kostet de dokters in soad tiid en de argewaasje dêroer wurdt hieltiten grutter, neffens toskedokter Roodhof fan Oentsjerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)