Toskedokter Skylge: te drok

28 feb 2007 - 11:12

De twa toskedokters op Skylge kinne de drokte yn de simmer net mear oan. Toskedokter Jan Boerma driget mei syn wurk op te hâlden as der gjin assistint op it eilân by komt.

Yn drokke perioades kinne net alle badgasten mei akute problemen holpen wurde en moatte se nei de eigen toskedokter op 'e fêste wâl. Foar de eilanners sels binne der lange wachttiden. Gemeente en fersekerder De Friesland sykje in oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)