Torpedo op strân Skier

18 sep 2009 - 20:52

Op it strân fan Skiermûntseach is freedtemiddei in torpedo fan trije meter lang fûn. Toeristen troffen it objekt oan by peal 16 en bellen de plysje. Dy hat foto's fan it ding makke en se nei de EOD maild.

It die bliken dat it om in torpedo út de Twadde Wrâldoarloch giet. Omdat de kop mei eksplosiven der net mear oan sit, is der gjin direkt eksploazjegefaar. De EOD sil de torpedo moandei opromje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)