Torenplein It Fean iepene

25 sep 2011 - 08:49

Yn Surhusterfean is sneontejûn it nije Torenplein offisjeel iepene. Dat is yn it sintrum fan it doarp. By it plein is in appartemintegebou delsetten. Dêr wie earder argewaasje oer, omdat it gebou te heech wurde soe, mar de ûndernimmers fine dat de werynrjochting goed slagge is.

De gemeente hat gehoar jûn oan de winsken dy't der wiene, sa stelle sy. Op it plein wiene sneontejûn ferskate optredens en der waarden ek ballonnen oplitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)