Topwurk Mankes yn Belvédère

16 apr 2006 - 08:54

Ien fan de topwurken fan Jan Mankes is nei goed fyftich jier werris te bewûnderjen. It stik 'Wyandotte: haan met tinnen schotel' is útstald yn Museum Belvedere yn Oranjewâld.

It museum hat it skilderij yn brûklien krigen fan in Fries om utens. Dy fûn dat it wurk werom moast nei it plak dêr't it ûntstien is. Mankes wenne in part fan syn libben yn de Knipe. Dêr makke hy dit skilderij yn 1913.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)