Topwedstryd kuorbal stiet faai

24 okt 2002 - 00:00

De wichtige kuorbalwedstryd Blau Wyt - Stânfries kin sneon mooglik net trochgean. It fjild fan Blau Wyt is striemin fanwege it minne waar en it CIOS, dat it fjild hieltyd mear brûkt. As it droech bliuwt kin de wedstryd trochgean, mar de kâns op blessueres is grut om't it fjild hobbelich is.

Blau Wyt wol graach keunstgers. De gemeente Hearrenfean moat hjiroer gear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)