Topûndernimmers yn 'Compagnie'

12 feb 2013 - 23:48
  • Waadkust Flylân

Sa'n 90 Fryske ûndernimmers út ferskate sektoaren hawwe oardel dei op Flylân west om mei-inoar ideeën te betinken foar in sterker Fryslân. Se sette har yn as 'Compagnie Fryslân'. Der binne tolve plannen foar seis sektoaren betocht om út te wurkjen. It giet om plannen foar de soarch, de bou, de metaal- en maakyndustry, de agraryske sektor, toerisme en ûnderwiis.

De ûndernimmers fine dat der in bettere ferbining komme moat tusken ûnderwiis en arbeidsmerk. Ek komt de groep mei in oanfalsplan tsjin de hieltyd swierder wurdende Friezen.

De groep ûndernimmers sil de plannen it kommende jier fierder útwurkje. Ek wolle se de oerheden, maatskiplike organisaasjes en oare ûndernimmers by har plannen belûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)