Toptiid foar Van Velde yn Thialf

29 des 2002 - 00:00

De bêste tiid oait troch in Nederlanner yn Nederlân op de 500 meter: Gerard van Velde hat it sneon riden yn Thialf. Yn 35.24 sekonden kaam de TVM-sprinter oer de streep. It baanrekord yn Thialf is fan de Japanner Shimizu en stiet op 34.83.

Van Velde dy't Olympysk kampioen wie op de 1000 meter, ried in jier lyn ek al de bêste Nederlânske tiid. Doe die er 35.40 sekonden oer de 500 meter. Yn Calgary is oer in moanne it WK sprint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)