Topstik foar lânboumuseum

06 apr 2010 - 22:03
  • It topstik foar it lânboumuseum

It Frysk Lânboumuseum hat der in topstik by. De alderearste melkrobot fan de wrâld, dy't yn 1983 troch Roelof Middel en Rinke Oenema fan Gytsjerk betocht en boud is. It apparaat stie yn in skuorre yn Lelystêd, mar Middel en Oenema fûnen it lânboumuseum in geskikter plak.

Op 21 april kinne de minsken de robot besjen. De robot wurket net mear, mar der is in film fan en dy hat it museum ek krigen. No kin it museum alle fasetten fan it melken sjen litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)